Lân
fan
taal

Sykje as dosint nei alles mei trefwurd 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Kongres meartaligens

In kongres as in taalmenu mei mear gongen, dêr’t taalkundigen en minsken mei niget oan taal graach de tosken yn sette: dat klinkt goed! Alle dagen komt in oar tema oan bod. Wat mear gongen, mei oare wurden dagen, wat mear lagen!

Stimmen fan Fryslân

Benijd hoe’t ferskate talen klinke? En de ferskate smaken Frysk? Mei in wiidweidige app kinst dat ûntdekke en in soad kennis oer taal opdwaan. Ûnmisber foar taalfanaten, – kenners en dosinten!

Taal-Kit

D’r komt in Lân-fan-taal-kit mei geweldige en bysûndere taalprojekten en -ideeën, dêr’tsto as learkrêft/dosint nije taalpaden mei ynslaan kinst.

Leafde foar taal – boppebou primêr ûnderwiis

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dêrmei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Yn de boppebou fan de basisskoalle kinst ûnder oare in meartalige musical ferwachtsje!

Leafde foar taal – middenbou primêr ûnderwiis

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dêrmei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Yn de middenbou fan de basisskoalle binne der programma’s mei fergetten wurden, ferhalen en spul.

Leafde foar taal – ûnderbou primêr ûnderwiis

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dêrmei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Yn de ûnderbou fan de basisskoalle binne der programma’s mei dûns, foarlêzen en spul.

Taal-billboards troch bern

Fan ein 2017 ôf dûke yn Ljouwert billboards op dy’t bern skreaun en foarm jûn hawwe. It is it resultaat fan ‘Taal yn Byld’, in projekt fan NHL Hegeskoalle en acht basisskoallen. Bern fan ferskate nasjonaliteiten ûntwerpe de billboards yn harren eigen taal. Se sille ek op ‘e siik nei (oare) talen yn ‘e buert!

Jongereinfoarstelling foar skoallen

Yn 2018 spilet Tryater foar learlingen út groep 7 en 8 fan Fryske basisskoallen in spesjaal foar Lân fan taal makke jongereinfoarstelling. Ynspiraasjeboarne? It 100 jier âlde lûddicht ‘Karawane’ fan dadaïst Hugo Ball, mei ûnsinnen as ‘hollaka hollala’.

Ekspedysje Amelân

Op it ynternasjonale fertelfestival ‘Ekspedysje Amelân – A storytelling adventure’, oer mear dagen útsmard, giest as besiker op ûntdekkingsreis. Mei it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat as ynspiraasjeboarne, ûntdekst oan ‘e hân fan ferhalen ferskate kultueren en talen.

Bliuw op de hichte