Lân
fan
taal

Sykje as besiker nei alles mei trefwurd 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Nije webside Lân fan taal

Wolkom op dizze (nije) webside, wolkom yn de frijsteat Lân fan taal! Elkenien is hjir wolkom, wêrst ek weikomst en watfoar taal ast ek praatst. Yn de rin fan 2017 en benammen yn 2018 fine yn Lân fan taal (yn Ljouwert en de rest fan Fryslân) in soad aktiviteiten plak. Op dizze webside krijst alfêst […]

Keunstynstallaasje Tim Etchells

Foar it nije gebou fan Lân fan taal op it Âldehoustertsjerkhôf makket de Britske keunstner Tim Etchells nij, romtefoljend wurk. De yngrediïnten: neonletters, rinkeljende telefoans en persoanlike boadskippen!

Besikerssintrum Lân fan taal

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Talepaviljoen

Wêr komsto yn 2018 in soad talen tsjin en genietesto fan aktiviteiten  en gerjochten dy’t passe by in hieltyd wikseljende talemienskip? Yn it spesjaal ûntwurpen talepaviljoen yn de Prinsetún, dat fan binnen krekt sa húslik is as dat it der oan de bûtenkant útsjocht!   It paviljoen sit ûnder de rokken fan twa frouljusfigueren; wy […]

Skatkeamer fan de Fryske kultuer

‘The place to be’ foar elkenien dy’t niget oan kultuer en literatuer hat is Tresoar, it moderne bewarplak fan de Fryske histoarje. Dêr kinst yn 2018 yn ‘e kunde komme mei de rike Fryske kultuer yn Europeesk perspektyf. Fan midsiuwske teksten yn ‘e klûs fia ledprojeksjes oant histoarysk reisburo!

Libbensgrutte projeksjes Âldehou

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn fan fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

De Talekaravaan

Yn 2018 lûkt de Talekaravaan troch Fryslân. Dêrmei slút Lân fan taal oan op besteande festivals en eveneminten en fersterket se mei in ryk, talich (muzyk)programma!

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Explore the North

Froast op klomphichte, dauwe oan lege wasklinen, iisblommen op it rút. De winter slacht hurd ta yn it histoaryske hert fan Ljouwert. Tiid foar in festival dêr’t de minskesiel him oan waarmje kin!

DNA fan Ljouwert

Wat soesto yn in buiske stopje ast dêrmei dyn ferhaal fertelle wolst? In tûfke hier, in tûkje, in gedicht? Sûnt 2016 binne tûzenen Ljouwerters dwaande om in buiske te foljen. Dy foarmje mei-inoar aanst it keunstwurk DNALWD2018.

Ferhaal fan Liwwadden

Yn Ljouwert wurdt njonken it Frysk en in protte oare talen ek it stedsdialekt Liwwadders praat. It is tagelyk ek de namme fan in eksposysje en fan in protte oare aktiviteiten oer de identiteit fan de gemeente Ljouwert en de bewenners dêrfan yn it ferline, yn it no en yn de takomst.

Poetry Circle 058

Yn de seis Poetry Circle stêden, sûnt 2016 ek Ljouwert dêryn begrepen, komme alle wiken 15 jonge skriuwers byinoar. Se leare faninoar en fan betûfte ‘Spoken Word’-performers. Do kinst se geregeldwei optreden sjen. Of dochst sels mei?

Liet XXL

Al yn 1991 ûntstie Liet, in festival mei dêryn in Frysktalige, muzyktalintejacht. Yn 2002 gie Liet ynternasjonaal en joech bands yn alle Europeeske minderheidstalen út ûnder oare Laplân, Bretanje en Asturië in poadium. En yn 2018 giet Liet sels XXL!

Yiddish Waves

Mar leafst goed 5.000 Joadske boeken binne yn Ljouwert byinoar brocht. Foar in part stiene se eartiids op de planken by – jawol – de universiteit fan Frjentsjer. It oare part hat professor Fuks nei WOII skonken. In rike ynspiraasjeboarne foar festival Yiddish Waves!

Fryske MOOC

Wolsto (better) Frysk leare? Dan kin dat leechdrompelich en ienfâldich mei in brede online kursus. De Fryske MOOC (Massive Open Online Course) is der foar elkenien. Wêr’tst op ‘e wrâld ek wennest. En oftst no Fries bist, toerist, ‘rootseeker’ of taalstudint!

Ekspedysje Amelân

Op it ynternasjonale fertelfestival ‘Ekspedysje Amelân – A storytelling adventure’, oer mear dagen útsmard, giest as besiker op ûntdekkingsreis. Mei it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat as ynspiraasjeboarne, ûntdekst oan ‘e hân fan ferhalen ferskate kultueren en talen.

8ste dei

Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!

Bliuw op de hichte