Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei literatuer 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Meartalige oankundiging fan berte OBE

OBE is de definitive namme foar de Taalekspo op it Âldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Boubedriuw Lont wurdt ferantwurdlik foar de bou fan it sintrum foar taalbelibjen. Deputearre Sietske Poepjes makke dat hjoed yn de Âldehou bekend, by in meartalige ôftraap fan Lân fan taal.

Skatkeamer fan de Fryske kultuer

‘The place to be’ foar elkenien dy’t niget oan kultuer en literatuer hat is Tresoar, it moderne bewarplak fan de Fryske histoarje. Dêr kinst yn 2018 yn ‘e kunde komme mei de rike Fryske kultuer yn Europeesk perspektyf. Fan midsiuwske teksten yn ‘e klûs fia ledprojeksjes oant histoarysk reisburo!

De Talekaravaan

Yn 2018 lûkt de Talekaravaan troch Fryslân. Dêrmei slút Lân fan taal oan op besteande festivals en eveneminten en fersterket se mei in ryk, talich (muzyk)programma!

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Explore the North

Froast op klomphichte, dauwe oan lege wasklinen, iisblommen op it rút. De winter slacht hurd ta yn it histoaryske hert fan Ljouwert. Tiid foar in festival dêr’t de minskesiel him oan waarmje kin!

Poetry Circle 058

Yn de seis Poetry Circle stêden, sûnt 2016 ek Ljouwert dêryn begrepen, komme alle wiken 15 jonge skriuwers byinoar. Se leare faninoar en fan betûfte ‘Spoken Word’-performers. Do kinst se geregeldwei optreden sjen. Of dochst sels mei?

Other Words – Oare Wurden

Dat is spannend: as skriuwer yn in lytse of minderheidstaal acht wike lang ‘útstjoerd’ wurde nei in oar Europeesk lân, dêr’tst wurkest, blogs skriuwst en optredens dochtst! Dat bart sûnt 2016 by ‘Other Words’. Ûntdek yn 2018 ynternasjonale skriuwers ‘yn it wyld’ yn Ljouwert.

Bliuw op de hichte