Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei community-art 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Taalproblemen as ynspiraasje foar teater

Op woansdeitejûn 17 maaie 2017 bringe meiwurkers fan Nivo Noord en tal fan oare amateurspilers yn de lytse seal fan Tryater in reprize fan ‘Heldere taal’. Mei dit lichte stik oer taal(problemen) wurkje de spilers op buoartlike wize oan har taalfeardigens. De besletten foarstelling is in gearwurking fan biblioteek Ljouwert, Bibliotheek Service Fryslân en Nivo Noord, en wurdt stipe troch Lân fan taal.

DNALWD2018

Wat soesto yn in buiske stopje ast dêrmei dyn ferhaal fertelle wolst? In tûfke hier, in tûkje, in gedicht? Sûnt 2016 binne tûzenen Ljouwerters dwaande om in buiske te foljen. Dy foarmje mei-inoar aanst it keunstwurk DNALWD2018.

Friezen om utens

Wat is de taal fan it hert fan Friezen dy’t – somtiden al lang lyn – nei it bûtenlân emigrearre binne? Do kinst it ûntdekke op de regionale telefyzje, op skerms yn it Lân fan Taal en fansels online.

Taal-billboards troch bern

Fan ein 2017 ôf dûke yn Ljouwert billboards op dy’t bern skreaun en foarm jûn hawwe. It is it resultaat fan ‘Taal yn Byld’, in projekt fan NHL Hegeskoalle en acht basisskoallen. Bern fan ferskate nasjonaliteiten ûntwerpe de billboards yn harren eigen taal. Se sille ek op ‘e siik nei (oare) talen yn ‘e buert!

8ste dei

Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!

Bliuw op de hichte