Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei byldzjende keunst 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Keunstynstallaasje Tim Etchells

Foar it nije gebou fan Lân fan taal op it Âldehoustertsjerkhôf makket de Britske keunstner Tim Etchells nij, romtefoljend wurk. De yngrediïnten: neonletters, rinkeljende telefoans en persoanlike boadskippen!

Besikerssintrum Lân fan taal

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Libbensgrutte projeksjes Âldehou

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn fan fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

De Talekaravaan

Yn 2018 lûkt de Talekaravaan troch Fryslân. Dêrmei slút Lân fan taal oan op besteande festivals en eveneminten en fersterket se mei in ryk, talich (muzyk)programma!

8ste dei

Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!

Bliuw op de hichte