Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Yiddish Waves.

Mar leafst goed 5.000 Joadske boeken binne yn Ljouwert byinoar brocht. Foar in part stiene se eartiids op de planken by – jawol – de universiteit fan Frjentsjer. It oare part hat professor Fuks nei WOII skonken. In rike ynspiraasjeboarne foar festival Yiddish Waves!

Tresoar hâldt tafersjoch op it argyf en stiet der noed fan dat it tagonklik is foar ûndersikers. It ynspirearre sjongeres Lucette van den Berg yn 2008 om in Jiddysk festival te organisearjen dat dêrnei noch in pear suksesfolle edysjes hie. Yn 2018 krijt it festival in spesjale ôflevering.

In bysûnder yngrediïnt fan Lân fan Taal: it binne no krekt de ferhalen fan in folk sûnder lân, yn in taal dy’t opboud is út Dútske, Russyske, Poalske, Roemeenske, Bulgaarske en Hebriuwske wurden.

Arabyske muzikanten en Fryske dichters ûndersykje mei-inoar tema’s as Heymishkeyt (thúsgefoel), ‘Lernen’ (leare) en ‘Simche’ (feest). Oerdei binne der muzyk- en taalwurkwinkels, lêzings, útstallings, filmfoarstellings en stedskuiers. Middeis en jûns binne der konserten en optredens.

Wêr
Op (Lân fan taal) en om it Âldehoustertsjerkhôf en de Prinsetún hinne en yn de binnenstêd om de Joadske wyk hinne

Wannear
1 oant en mei 4 maart 2018

Partners
Tresoar, Slieker Film, Fryske Akademy en ferskate Europeeske Jiddyske ynstituten en summer schools