Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Taletún.

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

De alderjongsten moetsje personaazjes en ferhalen út Fryske en (ynter)nasjonale printeboeken. Se ûntdekke boartsjenderwei dat se ferhalen yn ferskate talen belibje kinne. De wat âldere bern komme op in bysûndere wize yn kontakt mei skrifttekens, lûden en wurden út de hiele wrâld. Se kinne der boppedat sels kreatyf mei oan ‘e gong! Foar de âldste bern leit der in wichtige taak: it mei-inoar ûntwikkeljen fan in nije taal, besteande út lien- en mingwurden út oare talen. Fansels meie der ek selsbetochte wurden en lûden tafoege wurde! Sa ûntstiet der in folslein nije taal mei in hiel eigen wurdboek.

Wêr
Prinsetún, Ljouwert

Wannear
April o/m oktober 2018

Partners
Afûk (koördinaasje), Cedin, Tresoar en BUOG