Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Talepaviljoen.

Wêr komsto yn 2018 in soad talen tsjin en genietesto fan aktiviteiten  en gerjochten dy’t passe by in hieltyd wikseljende talemienskip? Yn it spesjaal ûntwurpen talepaviljoen yn de Prinsetún, dat fan binnen krekt sa húslik is as dat it der oan de bûtenkant útsjocht!

 

It paviljoen sit ûnder de rokken fan twa frouljusfigueren; wy hawwe it ommers oer ‘memmetaal’! Binnen hawwe lytse talen út Europa en minderheidstalen yn Ljouwert it foar it sizzen. Dus it Baskysk, de Keltyske talen, it Friulysk, it Katalaansk en it Estsk. Mar ek it Spaansk, it Sineesk, it Italjaansk, it Papiamintsk, it Dútsk en fansels it Liwwadders! Hieltiten stiet, njonken it Frysk, ien fan dy talen sintraal yn it talepaviljoen. Dêr wurde aktiviteiten om hinne organisearre troch de oanbelangjende taalmienskip: poëzy, muzyk, fertelkeunst, teater, lêzings, diskusjes en presintaasjes. Do kinst der wat drinke en in hapke ite. Op de menukaart steane gerjochten fan de regio dy’t op dat stuit sintraal stiet.

Yn en by it paviljoen binne fierder eksposysjes te sjen dy’t mei meartaligens, taal en emoasje te krijen hawwe. It is, koartsein, in hearlik moetingsplak!

Wêr
Prinsetún, Ljouwert

Wannear
April oant en mei oktober 2018, 7 dagen yn ‘e wike

Partners
Afûk (koördinaasje), BUOG, ferskate talemienskippen en -organisaasjes en HoorFriesland