Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Taal-billboards troch bern.

Fan ein 2017 ôf dûke yn Ljouwert billboards op dy’t bern skreaun en foarm jûn hawwe. It is it resultaat fan ‘Taal yn Byld’, in projekt fan NHL Hegeskoalle en acht basisskoallen. Bern fan ferskate nasjonaliteiten ûntwerpe de billboards yn harren eigen taal. Se sille ek op ‘e siik nei (oare) talen yn ‘e buert!

Yn de oanbelangjende seis wiken húzje tsientallen nasjonaliteiten en talen. By ‘Taal in Byld’ draait it om it wurdearjen fan de eigen memmetaal en it belibjen fan taalwille. De learlingen krije mei de keunstige billboards in prachtich úthingboerd foar harren taal en teksten. De ynhâld en de eigen foarmjouwing smite sûnder mis wat op om grutsk op te wêzen.

De bern geane sels ek de strjitte op om ûndersyk te dwaan nei alle talen yn harren wyk. Se diele de resultaten fan harren ‘fjildwurk’ mei-inoar en fansels mei de besikers fan Lân fan taal.

Wêr
Op acht basisskoallen yn seis wiken fan Ljouwert.

Wannear
Skoallen wurkje sûnt maart 2017 oan dit projekt

Partners
NHL Hegeskoalle (Pabo, Lektoraat Taalgebrûk & Learen en Lektoraat Frysk & Meartaligens), Kunstkade, DNALWD2018