Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Skatkeamer fan de Fryske kultuer.

‘The place to be’ foar elkenien dy’t niget oan kultuer en literatuer hat is Tresoar, it moderne bewarplak fan de Fryske histoarje. Dêr kinst yn 2018 yn ‘e kunde komme mei de rike Fryske kultuer yn Europeesk perspektyf. Fan midsiuwske teksten yn ‘e klûs fia ledprojeksjes oant histoarysk reisburo!

In graai út de Skatkeamer:

Projeksjes op ledskermen
Op grutte ledskermen wurde tema’s út de Fryske (literatuer)skiednis projektearre, lykas in Poetry Wall mei wurden fan dichters. De tema’s wikselje gauris en tusken de skermen yn wurde optredens programmearre.

Exposysje Visual Poetry
De kombinaasje fan tekst en byld krijt noch te min omtinken yn de Fryske kultuerskiednis! Dêr wurdt gau in ein oan makke mei in grutte útstalling oer Fryske eksperimintele en fisuele poëzy yn in Europeesk perspektyf. Der is ek omtinken foar moderne Fryske skriuwers en keunstners dy’t yn harren wurk tekst en byld kombinearje.

Reisburo & rootswebstee
De spesjale reisburobaaljes kinne dy helpe by it gearstallen fan dyn persoanlike, histoaryske reisgids. Op grûn fan famyljemateriaal wurdt dyn famyljeskiednis yn kaart brocht en wurdt in reis nei de ‘plakken fan oarsprong’ gearstald. Thús kinst sels dyn eigen famyljereisgids gearstalle en plakken opsykje dy’t dyn ferline betsjutting jouwe.

Midsiuwen yn ‘e klûs
Yn de swiere klûs yn de kelder komst de berte fan de Fryske taal te witten. De Âldfryske manuskripten út de 13e en 14e iuw dy’t dêr lizze binne faak ferrassend poëtysk! De tekst oer it ‘bern sûnder heit’ lit dy boppedat yn ‘e kunde komme mei de lûden fan de midsiuwske Fryske taal.

Fryske filmskiednis
Yn de bioskoopseal wurdt de Fryske filmskiednis troch de wei fan ferskate tema’s sichtber makke. Hearlik ûnderút sakke besjochsto nostalgyske bylden!

Troelstra-eksposysje
Yn in lytse eksposysje komt it libben fan steatsman en dichter P.J. Troelstra oan bod. Mei oare wurden it universele ferhaal oer de minske dy’t syn bertedoarp farwol seit en ûntgroeit, mar altyd ûnwennich bliuwt fan syn jeugd.

Wêr
Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tagong frij

Wannear
Jannewaris o/m desimber 2018, wannear’t Tresoar iepen is

Partners
Tresoar, Provinsje Fryslân, KH2018, Fries Film Archief