Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Poetry Circle 058.

Yn de seis Poetry Circle stêden, sûnt 2016 ek Ljouwert dêryn begrepen, komme alle wiken 15 jonge skriuwers byinoar. Se leare faninoar en fan betûfte ‘Spoken Word’-performers. Do kinst se geregeldwei optreden sjen. Of dochst sels mei?

Yn 2017 en 2018 sette nije ‘circles’ mei jong talint fan 15 oant 25 jier âld útein. Dichters, skriuwers, rappers en ferhalefertellers út Ljouwert en de rest fan Fryslân. Yn Neushoorn komme se 20 wiken lang wykliks op tongersdeitejûn byinoar om nije teksten te skriuwen en optredens ta te rieden.

Yn 2018 liedt dat net allinne ta fantastyske útfierings yn Neushoorn Café, ek is de jierlikse lanlike manifestaasje dat jier yn Ljouwert! Boppedat is Poetry Circle 058 by de fjirde, ôfslutende projeksje op it Âldehouster Tsjerkhôf belutsen.

 

Wêr
Neushoorn, Ljouwert

Wannear
Útfierings yn hiel 2018 en lanlike manifestaasje yn juny 2018

Partners
Poetry Circle/Stichting Nowhere Amsterdam, Jimmy’s Ljouwert, Poetry Slam Ljouwert, Ljouwerter Kollektyf en Neushoorn