Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Other Words – Oare Wurden.

Dat is spannend: as skriuwer yn in lytse of minderheidstaal acht wike lang ‘útstjoerd’ wurde nei in oar Europeesk lân, dêr’tst wurkest, blogs skriuwst en optredens dochtst! Dat bart sûnt 2016 by ‘Other Words’. Ûntdek yn 2018 ynternasjonale skriuwers ‘yn it wyld’ yn Ljouwert.

‘Other Words – Oare Wurden’ is in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen of minderheidstalen. Alle jierren karre de dielnimmende organisaasjes út fiif lannen twa skriuwers út. Hja wikselje fan plak en skriuwe yn harren ‘artist in residence’ in nij wurk, in koart ferhaal, in novelle, in rige gedichten … Dy wurde dêrnei publisearre op otherwordsliterature.eu / oarewurden.frl yn de dielnimmende lannen en yn it Ingelsk. Boppedat kinst op it webstee de skriuwers folgje.

Earder giene de Fryske skriuwers André Looijenga en Bart Kingma de grins oer, te witten nei respektyflik Bitola (Masedoanje) en San Sebastian (Spaansk Baskelân). Yn Fryslân wiene earder Réaltán Ní Leannáin út Ierlân en Marija Makeska út Masedoanje te gast. Yn 2018 geane Fryske skriuwers nei San Sebastian (maaie-july) en Maribor/Sloveenje (septimber-novimber). Yn Ljouwert sille skriuwers út Spaansk Baskelân en Masedoanje of Noard-Sweden ferbliuwe. Hja fersoargje ferskate optredens.

Wannear
no o/m 2018

Wêr
Lokaasjes fan de optredens wurde letter bekend makke. Online kinst (no al) skriuwers folgje dy’t aktyf binne yn Baskelân, Ierlân, Sloveenje en yn de republyk Masedoanje.

Partners
Tresoar (Ljouwert, Fryslân), Donostia Kultura (San Sebastian, Baskelân), Foras na Gaeilge (Ierlân), Association for Contemporary Art X-OP (Maribor, Sloveenje) en Youth Forum (Bitola, Masedoanje)