Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Libbensgrutte projeksjes Âldehou.

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn fan fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

Fan it iepeningswykein fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa ôf is yn 2018 alle 3 moannen in oar grut fideokeunstwurk te sjen, dat op de Âldehou projektearre wurdt. Elke projeksje wurdt troch in trio makke, mei dêrby yn alle gefallen in taalkeunstner (lykas in dichter, rapper, skriuwer of spoken word performer) en in filmer/fideokeunstner. Dêrby arbeidzje ek altiten in Fryske, in nasjonale en in ynternasjonale keunstner mei-inoar op. Keunstners dy’t yn alle gefallen meidogge, binne: sjongeres/tekstskriuwer Nynke Laverman, dichter Tsead Bruinja, regisseur/tekener Guido van Driel en komponist/slachwurker Sytze Pruiksma. Poetry Circle docht dêr ek oan mei.

Genietsje (mei in soad oaren) fan taal yn oerweldigjende, ferrassende foarmen en lûden. De projeksjes binne foar elkenien frij tagonklik!

Wêr
Âldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

Wannear
Snein 28 jannewaris
Oare premjêredata: tongersdei 19 april, 12 july en 4 oktober
Hieltiten te sjen fan tongersdei oant en mei snein