Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Leafde foar taal – ûnderbou primêr ûnderwiis.

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dêrmei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Yn de ûnderbou fan de basisskoalle binne der programma’s mei dûns, foarlêzen en spul.

In spesjaal paspoart jout bern tagong ta it Lân fan taal, it lân dêr’t taal de regels foarskriuwt. Foar de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis is yn ûntwikkeling:

In dûns-taalprogramma dêr’t in dûnseresse en in filosoof harren mei dy fernuverje oer de berte fan taal. Ferlykje taal ris mei in poppe. Wat moat dy, as hy of sy ienris op ‘e wrâld set is, allegearre leare?

In meartalich (foar)lêsprogramma yn oparbeidzjen mei de biblioteek. Foarlêze is o sa goed foar dy, mar ek foar dyn kat, dyn koesbist, de beam yn de tún en dyn âlde beppe op in foto. Do ûndersikest – yn in feilich fermidden sûnder krityske taharkers – hoe’t it foarlêzen en it fertellen fan ferhalen wurkje.

Boppedat binne de bern fan herten wolkom yn de Taletún, de grutte taalboarterstún dy’t yn de Prinsetún boud wurdt. In tún dêr’tst yn boartsje kinst mei taal, letters en (selsbetochte) ferhalen. Want boartsjendewei leare is it noflikst!

It ûnderwiisprogramma is noch gâns yn ûntwikkeling; it boppesteande is dus noch net folslein en definityf.

Foar wa
Learkrêften en learlingen yn de ûnderbou (groepen 1 en 2) fan it basisûnderwiis

Wêr
Op skoalle, by biblioteken en yn de Prinsetún yn Ljouwert

Wannear
2018

Mear ynformaasje
Fragen of op ‘e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei Anne Graswinckel.