Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Leafde foar taal – middenbou primêr ûnderwiis.

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dêrmei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Yn de middenbou fan de basisskoalle binne der programma’s mei fergetten wurden, ferhalen en spul.


In spesjaal paspoart jout bern tagong ta it Lân fan taal, it lân dêr’t taal de regels foarskriuwt. Foar de middenbou fan it primêr ûnderwiis is yn ûntwikkeling:

In speurtocht nei en in oade oan Fergetten Wurden, ûntwikkele yn ‘e mande mei Tresoar. De Professor siket wurden fan eartiids dy’t spitigernôch fergetten binne. As bern giest te riede by pakes, beppes en âlde minsken út ‘e buert. Ear’t wy de betsjutting neigeane, harkje wy earst. Hoe klinkt dat wurd? En hoe soe it derút sjen? Mei in grutte rêchsek fol materiaal foarmje de bern harren in byld. Lûd, foarm, materiaal en taal. Dy jouwe de wurden wer in plakje yn de taal, want: taal libbet!

In meartalich (foar)lêsprogramma yn oparbeidzjen mei de biblioteek. Foarlêze is o sa goed foar dy, mar ek foar dyn kat, dyn trektor, de beam yn de tún en dyn âlde beppe op in foto. Do ûndersikest – yn in feilich fermidden sûnder krityske taharkers – hoe’t it foarlêzen en it fertellen fan ferhalen wurkje.

Boppedat kin de hiele middenbou los yn de Taletún, de grutte taalboarterstún dy’t yn de Prinsetún boud wurdt. In tún dêr’tst yn boartsje kinst mei taal, letters en (selsbetochte) ferhalen. Want boartsjendewei leare is it noflikst!

It ûnderwiisprogramma is noch gâns yn ûntwikkeling; it boppesteande is dus noch net folslein en definityf.

Foar wa
Learkrêften en learlingen út de middenbou (groepen 3 o/m 5) fan it basisûnderwiis

Wêr
Op skoalle, by Tresoar en yn de Prinsetún yn Ljouwert

Wannear
2018

Mear ynformaasje
Fragen of op ‘e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei Anne Graswinckel.