Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Leafde foar taal – boppebou primêr ûnderwiis.

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dêrmei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Yn de boppebou fan de basisskoalle kinst ûnder oare in meartalige musical ferwachtsje!

In spesjaal paspoart jout bern tagong ta it Lân fan taal, it lân dêr’t taal de regels foarskriuwt. Foar de boppebou fan it primêr ûnderwiis is yn ûntwikkeling:

In spannende en grappige meartalige musical, fol mei ferskes en miskommunikaasje. Peter Sijbenga (belutsen by ûnder oare berne-iepenloftspullen en in protte (jeugd)foarstellingen fan Tryater) sil de musical skriuwe. Dy musical wurdt fansels geskikt makke foar sawol lytse as grutte groepen spilers.

In meartalich (foar)lêsprogramma yn oparbeidzjen mei de biblioteek. Elkenien seit dat lêze o sa goed foar de minske is. Mar wêrom moat dat dan altyf flaterfrij, op tempo en mei perfekt ynsjoch? En wêrom duorje dy boeken sa lang? Moatst it wol yn alle rêst oefenje kinne, sûnder krityske fragen! Dus lêze wy wêr’tsto dy feilich fielst. Bern ûntdekke dat boeken in feilich gefoel jouwe en de weareld oan aventoeren te bieden hawwe. Dyn boek as dyn thús!

In foarstelling oer meartaligens troch Tryater, dy’tst perfekt op skoalle sels sjen kinst.

Boppedat kin de hiele boppebou los yn de Taletún, de grutte taalboarterstún dy’t yn de Prinsetún boud wurdt. In tún dêr’tst yn boartsje, bouwe en ûndersykje kinst. It paad bjuster reitsje yn in labyrint fan ferhalen. Dat bringt spanning en sensaasje. Wêr komt taal wei? Of sjoch ris yn de nije Taalekspo!

It ûnderwiisprogramma is noch gâns yn ûntwikkeling; it boppesteande is dus noch net folslein en definityf.

Foar wa
Learkrêften en learlingen yn de boppebou (groepen 7 en 8) fan it basisûnderwiis

Wêr
Op skoalle, yn biblioteken en yn de Prinsetún yn Ljouwert

Wannear
2018

Mear ynformaasje
Fragen of op ‘e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei Anne Graswinckel.