Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Kongres meartaligens.

In kongres as in taalmenu mei mear gongen, dêr’t taalkundigen en minsken mei niget oan taal graach de tosken yn sette: dat klinkt goed! Alle dagen komt in oar tema oan bod. Wat mear gongen, mei oare wurden dagen, wat mear lagen!

De earste beide dagen hat ‘taalkunde’ in foaroanplak, de lêste beide ‘meartaligens yn Europa’. Dwers troch de fjouwer dagen hinne komt in tal oare ûnderwerpen oan bod, lykas de literêre tradysje fan lytse Europeeske talen (en hoe’t de lytse taal him ta de ‘mearderheidstaal’ ferhâldt) en de midsiuwske woartels fan de Fryske taal.

De miks fan tema’s en ûnderwerpen makket it mooglik om sawol foar ien of mear spesifike kongresdagen te kiezen as foar it folsleine kongres dat fjouwer dagen duorje sil.

Wêr
Stedsskouboarch De Harmonie, Ljouwert

Wannear
23 o/m 26 april 2018

Partners
De Fryske Akademy, Afûk en tal fan oare partners