Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Keunstynstallaasje Tim Etchells.

Foar it nije gebou fan Lân fan taal op it Âldehoustertsjerkhôf makket de Britske keunstner Tim Etchells nij, romtefoljend wurk. De yngrediïnten: neonletters, rinkeljende telefoans en persoanlike boadskippen!

Yn it keunstnerskip fan Tim Etchells stiet taal altiten sintraal. Hy befreget, faak grappich en poëtysk, de hjoeddeistige identiteit en ûndersiket hieltiten ús relaasje ta taal. Foar Lân fan taal makket hy in multydissiplinêr keunstwurk, mei teksten yn neon, in hiele soad telefoans wêrsto koarte ferhalen troch hearst.

Etchells (1962) is in Britske keunstner en skriuwer. Syn autonome wurk wurdt ynternasjonaal útstald en omfiemet performance, fideo, fotografy, tekstprojekten, ynstallaasje en fiksje. Hy is dêrneist artistyk lieder fan de teatergroep Forced Entertainment (wrâldferneamd om harren eksperimintele foarstellings) en heechlearaar Performance & Writing oan de Lancaster University.

Wêr
Nije gebou op it Âldehoustertsjerkhôf

Wannear
Jannewaris o/m oktober 2018