Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Jongereinfoarstelling foar skoallen.

Yn 2018 spilet Tryater foar learlingen út groep 7 en 8 fan Fryske basisskoallen in spesjaal foar Lân fan taal makke jongereinfoarstelling. Ynspiraasjeboarne? It 100 jier âlde lûddicht ‘Karawane’ fan dadaïst Hugo Ball, mei ûnsinnen as ‘hollaka hollala’.

De Dútser Hugo Ball protestearre yn 1917, noch yn de Earste Wrâldkriich, mei it gedicht tsjin de maatskippij. De makkers fan de foarstelling – de regisseur, de spiler, de muzikant en twa dûnseressen – meitsje dy foarstelling op grûn fan harren eigen gefoel by de talen dy’t se sprekke. En mei it besef dat wy net oars kinne as meartalich libje!

De foarstelling wurdt ûnder oare makke troch Tamara Schoppert (idee en regy), Peter Sijbenga (muzyk en spul), Karel Hermans (spul) en Laila El Bazi (dûns en spul).

Wêr
Yn Fryske teaters

Wannear
Fan 2 maart (premjêre) oant 26 april 2018