Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Friezen om utens.

Wat is de taal fan it hert fan Friezen dy’t – somtiden al lang lyn – nei it bûtenlân emigrearre binne? Do kinst it ûntdekke op de regionale telefyzje, op skerms yn it Lân fan Taal en fansels online.

Stel: jierren lyn bisto út Fryslân wei emigrearre nei it bûtenlân. Do hast dy de taal fan it lân eigen makke, nije freonen moete, bist oan it wurk gien. Do dochst dyn bêst, hast dingen berikt, mar lykas yn elk libben snijt it yn dat fan dy ek net altiten roazen en anjelieren. Hoe giest om mei dy suksessen en tsjinslaggen? Hokker rol spilet de ôfstân tusken it lân dêr’tst wennest en it lân dêr’st opgroeid bist? En wat is úteinlik de taal fan dyn hert: de twadde taal of dochs dyn memmetaal?

Omrop Fryslân lit Friezen dy’t yn it bûtenlân wenje, filmkes meitsje oer harren libben dêr en ûndersiket hoe’t sy mei feroarings omgeane. Hokker emoasjes bringt dat tewei en yn hoefier spylje it heitelân en de Fryske taal noch in rol yn it ferwurkjen fan dy gefoelens?

De filmkes wurde yn 2018 fertoand op Omrop Fryslân telefyzje. Se binne ek te sjen op skerms yn Lân fan taal en online op dit webstee.

Wêr
Op tv, online en op skerms

Wannear
Hiel 2018 troch

Partners
Omrop Fryslân