Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Ferhaal fan Liwwadden.

Yn Ljouwert wurdt njonken it Frysk en in protte oare talen ek it stedsdialekt Liwwadders praat. It is tagelyk ek de namme fan in eksposysje en fan in protte oare aktiviteiten oer de identiteit fan de gemeente Ljouwert en de bewenners dêrfan yn it ferline, yn it no en yn de takomst.

Yn in eksposysje komst yn ‘e kunde mei Ljouwerters út de perioade fan 1498 oant no. Besjoch de filmkes dêr’t se ús yn tasprekke. Hoe klonk harren taal? Wat hold harren dwaande? Ferskate argeologyske en museale objekten, dokuminten en ôfbyldings jouwe dy hieltyd wer in goed byld fan de tiid dêr’t dy minsken yn libben. It no krijt stal troch ‘DNA Ljouwert’. It keunstwurk dat dêrby heart is yn it Stedskantoar te sjen. Yn it paviljoen fan DNA kinst dyn eigen DNA-buiske folje. Ûnder oare mei in 3D-print fan dyn miniatuer-ik! De takomst wurdt tegearre mei in dwerstrochsneed fan de Ljouwerter befolking ûndersocht: fan puber oant hûndertjierrige, fan stedsjer fan jongs ôf oant flechtling. De definitive fisy wurdt online dield.

Oare ûnderdielen fan it Ferhaal fan Liwwadden binne ûnder oare: in portrettegalery-oanrekskerm dêr’t in bûnte rige Ljouwerters foarbykomt, in eksposysje mei topstikken út de rike histoaryske byldsamling fan Ljouwert en in festival ‘250 jaar Liwwadders’. Boppedat wurde geregeldwei literatuer- en poëzykuiers organisearre en ek wykeinekspedysjes dêr’t ynwenners harren ferhalen fertelle.

HCL biedt ek in edukatyf programma foar basisskoallen oan.

Wêr
Yn it gebou fan it Historisch Centrum Leeuwarden en yn in spesjaal boude kas dêrnjonken

Wannear
Moandei 26 maart o/m snein 28 oktober 2018

Partners
Historisch Centrum Leeuwarden, DNALWD