Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
FAME!.

It radio-argyf fan Omrop Fryslân is ferskuorrend grut en boeiend. Mei FAME! (Frisian Audio Mining Enterprise) fynsto aanst sûnder problemen útstjoerings fan jierren lyn werom, oer ûnderwerpen of fan sprekkers dy’tsto nijsgjirrich fynst. Gewoan troch der om te freegjen!

De regionale omrop, Omrop Fryslân, beskikt oer 2.600 oeren oan Frysk- en Nederlânsktalige radioútstjoerings út de perioade 1950-2000. Mei in tûke ‘semantyske’ sykmasine, dy’t mei spraakwerkenning wurket, kinst sûnder gedoente  fragminten opsykje. De lûdopnamen út it argyf fan Tresoar wurde sa ek tagonklik makke. De ‘spraakwerkenner’ wurdt ek brûkt by it meitsjen en  opslaan fan nije lûdopnamen, soks mei alle mooglike sykfunksjes. Sa sil de Fryske Akademy de software yn de takomst brûke yn it eigen fjildûndersyk nei sprutsen Frysk. Dat wurket in stik flugger as alles útskriuwe!

FAME! is in ferkenning om te ûndersykjen hoe’t grutte protten kultureel erfgoed foar elkenien tagonklik wurde kinne. Tresoar organisearret in evenemint om de tool buorkundich te meitsjen en Omrop Fryslân makket in dokumintêre oer dat ynnovative projekt.

Wêr
Online en op Omrop Fryslân radio en telefyzje

Wannear
Juny 2018

Partners
Fryske Akademy, Omrop Fryslân, Tresoar, Radboud Universiteit Nijmegen en Gridline