Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Explore the North.

Froast op klomphichte, dauwe oan lege wasklinen, iisblommen op it rút. De winter slacht hurd ta yn it histoaryske hert fan Ljouwert. Tiid foar in festival dêr’t de minskesiel him oan waarmje kin!

Explore the North brûkt de binnenstêd fan Ljouwert as prachtige oanklaaiing foar de bêste skriuwers, muzikanten, dûnsers en akteurs. Keunstners en artysten fan om fierrens, fan om ‘e hoeke, mar leaver noch in kombinaasje fan beide, komme nei Ljouwert om harren keunsten sjen te litten en nij wurk te meitsjen. Oan dy de taak om yn dat spinneweb fan steechjes en literatuer, fan tsjerkjes en muzyk, fan it rjochte paad ôf te reitsjen.

En it tiim achter Explore the North docht mear as inkeld it organisearjen fan in moai festival! Foar Lân fan taal programmearret it ûnder oare optredens yn ‘e Prinsetún yn Ljouwert.

Wêr
Festival Explore the North wurdt op ferskate lokaasjes yn Ljouwert holden. De Lân fan taal-programmearring wurdt ek op oare plakken yn Fryslân brocht.

Wannear
Festival Explore the North: 24 en 25 novimber 2017 / 2e helte novimber 2018 (datums wurde noch bekend makke)


Foto: Hans Jellema