Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Ekspedysje Amelân.

Op it ynternasjonale fertelfestival ‘Ekspedysje Amelân – A storytelling adventure’, oer mear dagen útsmard, giest as besiker op ûntdekkingsreis. Mei it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat as ynspiraasjeboarne, ûntdekst oan ‘e hân fan ferhalen ferskate kultueren en talen.

De Amelanner walfiskfarder en robbejager Hidde Dirks Kat sloech brek op Grienlân, dêr’t hy rêden waard troch de ‘wylden’. Syn deiboek út 1818, yn 2018 krekt 200 jier âld, lêst as ien grut aventoer. Hy fernuveret him dêryn oer de gastfrijens en behelpsumens fan de Inuït. Mei it deiboek as ynspiraasjeboarne hat ‘Ekspedysje Amelân – A storytelling adventure’ twa tema’s: ‘aventoer’ en ‘ moeting mei de/it frjemde’.

Do wurdst as besiker útdage om yn ‘e kunde te kommen mei minsken en dingen dy’t dy net eigen binne. Yn in tiid dat minsken en folken frjemd faninoar lykje te wurden, kinst op it festival goed fiele dat begryp fan wjerskanten dwers troch barriêres fan taal en kultuer hinne mooglik is! Amelanners en Inuït komme direkt en yndirekt oan it wurd. Profesjonele fertellers út binnen- en bûtenlân drage dêr mei harren ferhalen oan by.

Ûnderdielen fan it festival sille wêze: fertelwurkwinkels, ferhale(far)tochten en in meartalige jûnsfoarstelling. Der komt ek in edukatyf programma foar skoallen. Ekspedysje Amelân is ûnderdiel fan it iepen Amelanner keunstprojekt Buro HDK2018.

Wêr
It Amelân

Wannear
Maaie 2018

Partners
Frank Belt van Op Verhaal