Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
DNALWD2018. Wat een prachtige verhalen heeft dit project, nu al!

Wat soesto yn in buiske stopje ast dêrmei dyn ferhaal fertelle wolst? In tûfke hier, in tûkje, in gedicht? Sûnt 2016 binne tûzenen Ljouwerters dwaande om in buiske te foljen. Dy foarmje mei-inoar aanst it keunstwurk DNALWD2018.

DNALWD2018 fertelt ‘Het Verhaal Van Ons Allemaal’ (it ferhaal fan ús allegearre), neffens de keunstners en betinkers Hein de Graaf en Joop Zwart. Fia skoallen, wiken, wurkjouwers en ferskate ‘folpunten’ kinst in buiske krije. Dat follest nei eigen ynsjoch en makkest it ferhaal folslein op it spesjale webstee: www.dnalwd2018.nl.

Alle buiskes mei-inoar moatte in keunstwurk opsmite. Fan elk buiske kinst op it DNALWD2018.nl it ferhaal fine dat dêrmei anneks is.

Wêr
Buiskes ophelje en ynleverje by Historysk Sintrum Ljouwert, yn de hal fan it Ljouwerter Stedskantoar of by de Iepenbiere Biblioteek. Registraasje online op DNALWD2018.nl. Yn 2018 komt it keunstwurk yn de hal fan it Ljouwerter Stedskantoar.

Wannear
Meidwaan mei it projekt kin no! Folje in buiske, registrearje dizze en fertel dyn ferhaal. It DNALWD2018 keunstwurk wurdt mei yngong fan 2017 opboud en is yn syn folsleine foarm (webstee mei ferhalen dêryn begrepen) yn 2018 te belibjen.

Partners
Stichting Zeezicht, Historisch Centrum Leeuwarden, Stichting Kunstkade, gemeente Leeuwarden, Provincie Fryslân, ROC de Friese Poort, ROC Friesland College, NHL Hogeschool, Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Van Hall-Larenstein, Nordwin College, LF2018, Stichting Kunstkade, Lân fan Taal, Buro 360, Het Nieuwe Stadsweeshuis, PyraSied, Mannen van Staal en Wellzo.