Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
8ste dei.

Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!

Op 8 july 2018 stiet de binnenstêd fan Ljouwert fan fan sinne-opgong oant sinneûndergong fleurich op syn kop. As yn it dekôr fan in grutte filmset foarmje bouwurken, muzyk, teater, dûns, spraak, sport en film mei-inoar in megakettingreaksje. Alles kin en mei. Ek: fan dakken ôfspringende freerunners, abseilende stuntlju, kwetterjende âlde minsken dy’t kopkes kofje oaninoar trochjouwe en jongfolk dat op flotten troch de grêften fart. In oar ûnderdiel wurdt de ‘flústerline’, dy’t syn oarsprong hat yn it al tige âlde spul wêrby’t in sin hieltyd wer fan de ien nei de oar trochflústere wurdt. By de 8ste dei-fariant hearst net allinnich de begjin- en einsin, mar ek de transformaasje dêrtuskenyn!

De 8ste dei kin net sûnder de mienskip. Yn ‘e rin fan 2017 wurdt úteinset mei it oanlûken fan groepen dy’t mei harren eigen skeakel yn de ketting teset sille. Der wurde filmmakkers, frijwilligers, helpers en meiwurkjende bedriuwen socht. Hâld dit webstee yn ‘e gaten foar mear ynformaasje. Do wolst ommers aanst ek sizze kinne: “Ik wie derby, ik die mei en it gie oer my!”

Wêr
De binnenstêd fan Ljouwert

Wannear
snein 8 july 2018