Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Wy bouwe OBE.

Lân fan taal bout OBE op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert. OBE is in ynteraktyf besikerssintrum foar taalbelibjen, ûntwurpen troch arsjitekt Powerhouse Company. Boubedriuw Lont is ferantwurdlik foar de bou fan OBE. Wy folgje it proses op de foet mei in rige fan alve koarte filmkes troch Eduard Rekker en Johannes Keekstra.

Oflevering 1:
Deputearre Sietske Poepjes makket op 19 april 2017 de namme OBE bekend en it bedriuw dat OBE giet bouwen. Ek wurdt mei de arsjitekt Powerhouse Company werom sjoen op it ûntstean fan it ûntwerp.

Oflevering 2:
Wy binne op besite by de Powerhouse Company en it Erasmus paviljoen yn Rotterdam.

Oflevering 3:
We prate mei Marco Overwijk, in Fries om útens dy’t wurket by ús arsjitekt Powerhouse Company​ yn Rotterdam.

Ynkoarten:
Ofleverings 4 oant en mei 11.

Wolst mear witte oer OBE, lês dan fierder op de projektpagina.