Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Taalproblemen as ynspiraasje foar teater.

Op woansdeitejûn 17 maaie 2017 bringe meiwurkers fan Nivo Noord en tal fan oare amateurspilers yn de lytse seal fan Tryater in reprize fan ‘Heldere taal’. Mei dit lichte stik oer taal(problemen) wurkje de spilers op buoartlike wize oan har taalfeardigens. De besletten foarstelling is in gearwurking fan biblioteek Ljouwert, Bibliotheek Service Fryslân en Nivo Noord, en wurdt stipe troch Lân fan taal.

De toanielfoarstelling is ûntwikkele om ‘laaggeletterdheid’ besprekber te meitsjen en sjen te litten wat sa al dreech en aardich is oan taal. Under rezjy fan Onno Spreij en Marit de Weerd hawwe njoggen amateurspilers, wêrûnder meiwurkers fan Nivo Noord, oan dizze foarm fan community teater wurke. Taalûnderfinings en -ferhalen út de praktyk foarmje de basis foar it stik. It resultaat: tagonklik en sympatyk teater. Om’t de première op 22 maart fluch fol siet en suksesfol wie, is keazen foar in reprise wêrtroch mear belutsenen, famyljeleden en belanghawwenden de kâns krije de foarstelling te sjen.

To-taalprojekt 
De foarstelling makket diel út fan it totaalprojekt ‘Heldere taal’ (2015-2017), wêryn it besprekber meitsjen en it oanpakken fan ‘laaggeletterdheid’en taalfeardigens sintraal stiene. Nei de première op 22 maart hawwe ferskate meiwurkers fan Nivo Noord taalworkshops folge, organisearre troch Stichting Bibliotheken Midden-Fryslân en jûn troch FryskLab, Fryslân College en biblioteek.