Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Regels op strjitte & projekten ferbylde.

Op 19 april 2017 wurdt bekend wa’t de oannimmer is fan it nije gebou op it Âldehoustertsjerkhôf. Fan no ôf oan kinst Lân fan taal al tsjinkomme. Ús ‘regels’ dûke op by de gebouwen fan Lft-partners, op billboards en yn ‘e Ljouwerter Krante.

Op sosjale media nûgje wy dy fan herten út om dêrop te reagearjen of om in oersetting yn dyn taal oan te dragen. Mei yngong fan mids maaie kin dat ek op dit webstek.

Mar taal is mear as tekst. De fotografen Tryntsje Nauta en Heleen Haijtema hawwe de Lân-fan-taalprojekten prachtich ferbylde. Sjochst harren foto’s no al op dit webstek en silst se yn 2017 en 2018 noch op in protte oare plakken tsjinkomme. Dat hie net mooglik west sûnder ús ‘modellen’: Nico, Joyce, Jochum, Luca, Joke, Lieve, Mireille, Nienke, Benji, Jannie, Emil, Marit, Jan, Warner, Yunyun, Jorn en Fatin. Wy wolle ek De Fabriek yn Sint-Anne betankje foar harren ûnbaatsuchtige ynset!

nijs |