Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Poëzyjûn fol humor.

Op tongersdei 1 juny fynt ‘de Poëzieavond’ plak yn it kafee fan Neushoorn. It is de earste aktiviteit dy’t Lân fan taal en Explore the North yn in gearwurking organisearje. Foar ‘de Poëzieavond’ wurkje se ek noch mei De Optimist, in online kultureel magazine en in platfoarm foar begjinnende makkers. Op it programma stean jonge dichters en musikanten mei in soad talint. It tema: humor. De tagong is fergees.

“Ze zijn goed, ze zijn jong, ze zijn fris én ze hebben humor”, seit De Optimist oer dichters Dorien de Wit (winner fan de Turing Gedichtenwedstrijd 2016), Martin Rombouts, Wout Waanders, Helena Hoogenkamp en Dewi de Nijs Bik. De Optimist publisearre tidens de Poëzieweek 2017 alle dagen nij wurk fan ien fan harren. Op 1 juny stean de dichters tegearre yn it Neushoorn-kafee. Om it publyk net te lang stil sitte te litten, treedt Het Kanaal op: in jonge, Fryske, behoarlik goeie band. De 26-jierrige skriuwer en performer Joost Oomen, programmeur by Explore the North, sil de jûn oan elkoar prate.

Tagong fan de Poëzieavond is fergees. Foar € 7,50 krije besikers it spesjaal foar dizze jûn printe ‘Poëzine’ mei nei hûs, in bondel fan alle Optimist-gedichten út de Poëzieweek. Twa yllustratoaren hawwe de teksten foarsjoen fan byld.

Wannear & wêr 
Tongersdei 1 juny 2017, 20.30 oere
Lokaasje: Neushoorn kafee, Ruiterskwartier 41, Ljouwert
Facebook-event