Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Nije ronde subsydzjeregeling iepen programma.

Foar it útfieren fan in kulturele produksje op it mêd fan meartaligens, kin subsydzje oanfrege wurde! De regeling giet iepen fan 1 maaie 2017 ôf oant 31 maaie 2017.

De subsidiabele aktiviteiten binne:
A. De útfiering fan lytse kulturele produksjes op it gebiet fan meartaligens, mei in totale begrutting tusken € 1.000,- en 2.500,-.
B. De útfiering fan grutte kulturele produksjes op it gebiet fan meartaligens, mei in totale begrutting fan mear as € 2.500,-.

Yn beide gefallen giet it om in publykrjochte aktiviteit dêr’t minimaal 100 persoanen ferwachte wurde. De aktiviteit begjint yn Fryslân op syn lêst yn 2018.
Yn 2017 sil de regeling noch twa kear iepen gean. De earste oanfraachperioade is fan 1 maaie 2017 ôf oant en mei 31 maaie 2017. It subsydzjeplafond is foar lytse kulturele produksjes € 5.000,-. Foar grutte kulturele produksjes is it plafond € 35.000,-. De lêste iepenstelling is fan 4 oktober 2017 oant en mei 1 novimber 2017.

De betingsten
De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân op de webside fan de provinsje Fryslân.
Belangryk: it giet hjir by net om it meitsjen of útjaan fan produkten lykas boeken en cd’s mar wol om in publykrjochte aktiviteit as oanfolling oan de iepen programmearring fan Lân fan taal. It brûken fan taal/talen stiet hjirby sintraal, it makket net út hokker taal/talen.

Foar wa is de regeling ornearre?
Subsydzje wurdt allinne oan natuerlike persoanen en rjochtspersoanen beskikber steld dy’t gjin boekjier subsydzje ûntfange fan de provinsje.

Hichte fan de subsydzje
Foar lytse kulturele produksjes is de hichte fan de subsydzje € 500,-.
Foar grutte kulturele produksjes is de hichte fan de subsydzje maksimaal € 5.000,-.

Oer de takenning fan subsydzje ûnder A (lytse kulturele produksjes) beslute wy op folchoarder fan ynkommen. In oanfraach fan 2 maaie giet dus foar op in oanfraach fan 25 maaie. As de oanfraach net folslein is, wurdt oanfoljende ynformaasje opfrege. Dêrtroch skoot de oanfraach nei efteren yn de folchoarder fan takenning fan subsydzjejilden.
Oanfragen ûnder B (grutte kulturele produksjes) dy’t folslein binne, wurde rangskikt. De advyskommisje beoardielt de oanfragen op de yn it foar opstelde kritearia (sjoch by downloads). Allinnich de projekten mei de measte punten, krije subsydzje. It giet hjir om in tender; as de oanfraach net folslein is, mei der nei slutingsdatum gjin ynhâldlike ynformaasje opfrege wurde. As it dossier nei slutingsdatum net ynhâldlik folslein is, sil it wegere wurde.

Taheakken by it oanfraachformulier
Tink derom dat alle taheakken meistjoerd wurde dy’t frege wurde. Sjoch goed nei wat fan tapassing is. By de grutte kulturele produksjes is it saak om foar slutingsdatum de oanfraach ynhâldlik folslein op te stjoeren. Is de oanfraach nei slutingsdatum net ynhâldlik folslein, dan wurdt de oanfraach wegere of wurdt leger rankt omdat it net te beoardieljen is. Lis yn it projektplan goed út hoe’t de aktiviteit foldocht oan de kritearia neamd yn kêst 2.7.9 fan de regeling.

Let op!
Yn de foarige tender ha wy spitigernôch projekten wegere moatten op in oantal punten. Wy freegje jo hjir ekstra op te letten:

  • As jo foar jo projekt al earder subsydzje krigen hawwe fan provinsje Fryslân, wurdt de oanfraach wegere.
  • In fout/ûndúdlikens yn de begrutting kin nei it sluten fan de tender net oanpast wurde.
  • Untbrekkende taheakken/oanpassings dy’t nei it sluten fan de tender ûntfongen wurde, wurde net mear meinaam.
  • Jo definitive oanfraach moat skriftlik (per post of baly) woansdei 31 maaie 2017 foar 17.00 oere by de provinsje wêze.
  • Wachtsje net oant it lêste momint om de oanfraach op te stjoeren.


Oanfraachformulier

It oanfraachformulier foar lytse en grutte kulturele produksjes is fanôf 1 maaie te downloaden fia de webside fan de provinsje Fryslân.

Mear ynformaasje
At jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo kontakt sykje mei de ôfdieling Financieringen en Subsidies op 058-292 53 35 of fia de mail.

nijs |