Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Nije webside Lân fan taal.

Wolkom op dizze (nije) webside, wolkom yn de frijsteat Lân fan taal! Elkenien is hjir wolkom, wêrst ek weikomst en watfoar taal ast ek praatst. Yn de rin fan 2017 en benammen yn 2018 fine yn Lân fan taal (yn Ljouwert en de rest fan Fryslân) in soad aktiviteiten plak. Op dizze webside krijst alfêst in yndruk.

De webside is sa tagonklik mooglik makke. Sa kinst kieze út fjouwer talen en kinst ek alles foarlêze litte. Meikoarten kinst ek op alle projekten en ús ‘regels’ reagearje. Fansels yn dyn eigen taal!