Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Meartalige oankundiging fan berte OBE.

OBE is de definitive namme foar de Taalekspo op it Âldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Boubedriuw Lont wurdt ferantwurdlik foar de bou fan it sintrum foar taalbelibjen. Deputearre Sietske Poepjes makke dat hjoed yn de Âldehou bekend, by in meartalige ôftraap fan Lân fan taal.

By de gearkomste waard as ‘startrede’ fan Lân fan taal in spesjaal troch Maarten van der Graaff skreaun gedicht foardroegen. Van der Graaff sette sels mei de Nederlânske fersy útein, de 8-jierrige Iwan Hut (soan fan dichter Arjan Hut) droech it gedicht yn it Frysk foar.

Ynteraktyf besikerssintrum
De namme OBE ferwiist nei de bekendste dichter fan Fryslân, Obe Postma. It gebou, in ûntwerp fan Powerhouse Company, sil troch boubedriuw Lont út Sint Annaparochie realisearre wurde. Fan maaie ôf begjint it wurk op lokaasje en ein 2017 binne de earste aktiviteiten. Yn OBE is yn 2018 net allinne in ynteraktyf besikerssintrum, mar ek in keunstynstallaasje fan Tim Etchells. De bûtenkant is in permaninte tribune foar festivals en eveneminten. It gebou bliuwt nei 2018 as sintrum foar taalbelibjen yn gebrûk.

“Wy steane oan it begjin fan in unyk taalfeest”, licht gedeputeerde Sietske Poepjes toe. “It jier 2018 is net folslein sûnder de meartaligens dy’t ús sa bysûnder makket. Taal yn al syn fasetten wurdt útljochte, foar bern oant de âlderein en foar wittenskippers oant de rekreänt. Lân fan Taal is der foar elkenien, ek nei 2018”.

Siart Smit, programmadirekteur Lân fan taal: “Wy woenen by dizze oankundiging fan it begjin fan de bou fan Lân fan taal daliks dúdlik meitsje dat taal om it belibjen giet. Dêrom in mearfâld oan talen yn byld, lûd en live. Yn de oanrin nei 2018 sille wy hieltiten faker sichtber wêze as Lân fan taal en nûgje mei klam elkenien út om mei te dwaan”.

Download de útjefte fan it gedicht


Foto’s: Menno de Boer