Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Lân fan taal op Europeesk poadium.

Lân fan taal stie fan ‘e wike as foarbyldprojekt fan LF2018 op de aginda fan in ynternasjonale konferinsje yn Soraga, Itaalje, organisearre troch de NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity).

Wybren Jorritsma wie útnoadige om in presintaasje te jaan oer de oanpak fan Lân fan taal. Hy spruts oer de ekonomyske kânsen dy’t Lân fan taal biedt mei it each op in groeiend oantal toeristen dy’t op syk binne nei unike lokale ferhalen.

De oanpak fan Lân fan taal foel yn de smaak by parse en it publyk fan fertsjintwurdigers fan oare Europeeske taalmienskippen. Benammen de positive boadskip (it fieren fan meartaligens) en de gearwurking wêrby’t profesjonele partijen en inisjatyfnimmers fan ûnderen op in breed festival delsette waard goed ûntfongen.

Dat bysûndere lokale talen yn in meartalige oanpak in bloeiend bestean ha kinne, liet ek it ferneamde Guggenheim museum yn Bilbao sjen. Sy makken bekend tenei alle uterings neist it Spaansk en it Ingelsk ek struktureel yn it Baskysk foarm te jaan. En wêr’t it Baskysk ek te begripen is foar de Spaansktaligen, komt it Spaansk te ferfallen.

Nei ôfrin binne der ôfspraken makke om takom jier in ynternasjonale konferinsje fan de NPLD binnen Lân fan taal te organisearjen. En mr. Sixto Molina fan de Rie fan Europa foar it Europeeske Hânfêst fan Regionale of Minderheidstalen, liet witte takom jier in kongres binnen Lân fan taal organisearje te wollen.

Foto: Wybren Jorritsma mei de grutte baas Sixto Molina yn Itaalje.