Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Explore The North en Lân fan taal presintearre Kop & Schaduw op WTTV.

Welcome To The Village (WTTV) makket hjoed harren keunstprogramma bekend en dêrmei is it festivalprogramma kompleet! Ûnderdiel fan dit keunstprogramma is ûnder mear de ynstallaasje “Kop & Schaduw” fan it Grafisch Atelier Friesland, presintearre troch Explore The North en Lân fan taal.

‘Kop & Schaduw’
In wolke fan betsjutting yn byld en taal

Efkes yn alle rust meimerje oer de saken fan it libben? Kom ûnder Welcome To The Village lâns yn de ‘parloir’ fan it Grafisch Atelier Friesland, in út striebulten oplutsen sprekhut. Yn in anonime omjouwing moetest in dichter. In keunstner bringt it petear yn byld, wêrnei de drukkers fan de grafyske wurkpleats in unyk en persoanlik oantinkensprintsje meitsje. As de inkt drûch is, kinst dizze fergees ôfhelje.

WTTV fynt op 21, 22 en 23 july foar de fiifde plak yn it rekreaasjegebiet de Griene Ster, flakby Ljouwert. It nijs oer it komplete keunstprogramma fan WTTV lêst hjir en hasto noch gjin kaartsjes, keapje se dan hjir!