Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Afûk en BUOG bouwe in Talepaviljoen yn de Ljouwerter Prinsetún.

Lân fan taal kriget yn 2018 in bysûnder Talepaviljoen op in bysûnder plak. Yn 2018 wurdt de Prinsetún in Taletún mei it Talepaviljoen as sintraal moetingsplak. De Afûk jout yn gearwurking mei BUOG stal oan dizze ‘húskeamer’ – ek wol ‘livingroom of languages’ – fan Lân fan taal dêr’t it publyk op alderhande wizen yn ‘e kunde komme kin mei de ferskillende (lytse) taalmienskippen yn Europa, Nederlân, Fryslân en Ljouwert.

Twa froulju
Yn de Prinsetún ferriist yn 2018 in tydlik (memme)taalpaviljoen yn de foarm fan twa frouljusfigueren.  It stiet symboal foar de memmetaal en meartaligens. Kees Botman en Pieter Stellingwerf fan BUOG binne ferantwurdlik foar it ûntwerp en sjogge it sa: ‘ Besikers lizze bûten harren taal ôf en krûpe ûnder de rok fan mem. De romte is iepen, útnûgjend en hat in waarm karakter. It is in feilich plak dêr’tst mei in iepen blik yn de kunde komme kinst mei oare minsken en mienskippen. Dat  kriget noch in ekstra diminsje trochdat it hoarekapersoniel dôf is.’

Gearwurking mei HoorFriesland en Friese Poort
HoorFriesland  is ít sintrum yn Fryslân foar dôven en minsken mei gehoarproblemen en soarget foar de besetting fan it paviljoen mei gasthearen/-froulju. ‘Wy wolle dat ek dizze minsken heard wurde en dat ús besikers harren der fan bewust wurde dat taal mear is as it sprutsen wurd.’ Besikers moatte neitinke oer hoe’t sy mei de gasthearen en gastfroulju kommunisearje. Se moatte werom nei de basis fan kommunikaasje en erfare hoe’t is om ‘sprakeleas’ te wêzen.’

Neist HoorFriesland is ROC Friese Poort ek in belangrike gearwurkingspartner. Sa wurkje der studinten fan ferskillende opliedingen yn de Bou en Ynfra mei oan it Talepaviljoen.

Taalmienskippen
Alle wiken stiet der yn it Talepaviljoen in taal sintraal. Njonken it Frysk binne dat streektalen en dialekten út Fryslân en Nederlân, lytse talen út Europa en de talen dy’t yn Ljouwert praat wurde. De ferskillende taalmienskippen hawwe in wike lang de mooglikheid om harren taal en kultuer te presintearjen troch bygelyks muzyk, teater, poëzy, storytelling en lêzingen, mar ek om besikers yn ‘e kunde komme te  litten mei lokale gerjochten en – gebrûken. Yn totaal dogge sa’n 30 taalmienskippen mei oan it programma fan it Talepaviljoen.

Poadium
Der is altyd libben yn it paviljoen. Op tongersdeitejûnen en sneintemiddeis is der in programma dat fersoarge wurdt troch de taalmienskip dy’t dy oanbelangjende wike sintraal stiet. Troch de wike is  der romte foar skoalgroepen en kinne besikers  der terjochte foar in hapke en in drankje en in potsje Scrabble. Fierder tsjinnet it paviljoen as lokaasje foar alderhande besteande en nije inisjativen dy’t rjochte binne op Lân fan taal, lykas liveútstjoerings en registraasjes fan radio/tv, literêre jûnen, Werelddovendag, taalkafees, ensfh. Dêrneist binne yn en by it paviljoen eksposysjes te sjen dy’t mei meartaligens, taal en emoasje te krijen hawwe, dêr’t de besikers ek in bydrage oan leverje kinne.

It Talepaviljoen is iepen fan 30 maart oant en mei 28 oktober 2018 en is alle dagen iepen.