Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Oer Lân fan taal.

Jins taal fiere yn in frijsteat. Dat is it útgongspunt fan Lân fan taal. Yn 2018 wurdt Ljouwert-Fryslân de Kulturele Haadstêd fan Europa. Lân fan taal is dêr in wichtich ûnderdiel fan. In protte ynstituten en minsken yn Fryslân en (fier) dêrbûten arbeidzje mei-inoar op om it ferskaat fan taal in takomst te jaan. It doel is om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.

Wy leauwe dat it krekt no, yn in tiid dat ús wrâld hieltyd meartaliger wurdt en hieltyd mear ferskaat krijt, needsaaklik is om oars te sjen nei alles wat fertroud is. Lân fan taal wol nije ûnderfinings biede yn oare talen en dissiplines ast faaks wend bist. Lân fan taal jout romte om it belang en it ferskaat fan taal kenne, ûnderfine en benammen fiele te learen. Hiel 2018 troch fiere wy taal mei aktiviteiten, foarstellings, keunstwurken, útstallings en romtlike ynstallaasjes yn Ljouwert en Fryslân. Wy nûgje dy út om mei te dwaan: om talen libje te litten, om mei taal te boartsjen en om dy út te sprekken.

Meartaligens
Lân fan taal is in frijsteat foar álle talen fan de wrâld, dêr’t alle talen gelyk binne en taal gjin grinzen mear hat. Wy sjogge taal as mear as de talen dy’tst prate en skriuwe kinst. Sa fine bygelyks gebeartetaal, braille, lichemstaal, mar ek dûns, muzyk en strjittaal in plak yn Lân fan taal! Op dizze website is keazen foar fjouwer talen: Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk. Meikoarten kinst dyn eigen taalkar opslaan. Dan wurdt de site hieltyd wer yn dyn eigen foarkarstaal iepene. Op projekten en regels út de Oprop kinst yn elke taal reagearje.

Partners
Lân fan taal is ûntstien út in gearwurking fan Afûk, Explore the North, Fryske Akademy, gemeente Ljouwert, Historisch Centrum Leeuwarden, Neushoorn, Omrop Fryslân, Provinsje Fryslân, Ryksuniversiteit Grins, Tresoar en Tryater. Der wurdt mei in protte oare taal- en kultuerynstellings en -inisjativen oparbeide. Ek nasjonaal en ynternasjonaal, want taal kin oeral fierd wurde. It tal partners sil al mar grutter wurde. Wy arbeidzje ûnder oare op mei Poetry International, Oerol, in gearwurkingsferbân fan ynternasjonale minderheidstalen yn Europa, Poetry Circle en Drongo.

Tiim Lân fan taal
It tiim dat it programma fan 2017 en 2018 koördinearret bestiet út:

Siart Smit, programmadirekteur
Wybren Jorritsma, saaklik lieder
Roos van Geffen, artistyk en ynhâldlik adviseur
Anne M.H. Graswinckel, projektlieder edukaasje/Kek2
Judith E. Baarsma, produksjekoördinator
Berber van Oyen-Peenstra, marketeer
Fredau Buwalda, online kommunikaasje
Lotje, kantoarkat

Kontakt
Besykadres: Willemskaai 22a, Ljouwert
Stjoer in e-mail