Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei festivals mei trefwurd 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

De Talekaravaan

Yn 2018 lûkt de Talekaravaan troch Fryslân. Dêrmei slút Lân fan taal oan op besteande festivals en eveneminten en fersterket se mei in ryk, talich (muzyk)programma!

Explore the North

Froast op klomphichte, dauwe oan lege wasklinen, iisblommen op it rút. De winter slacht hurd ta yn it histoaryske hert fan Ljouwert. Tiid foar in festival dêr’t de minskesiel him oan waarmje kin!

Ferhaal fan Liwwadden

Yn Ljouwert wurdt njonken it Frysk en in protte oare talen ek it stedsdialekt Liwwadders praat. It is tagelyk ek de namme fan in eksposysje en fan in protte oare aktiviteiten oer de identiteit fan de gemeente Ljouwert en de bewenners dêrfan yn it ferline, yn it no en yn de takomst.

Liet XXL

Al yn 1991 ûntstie Liet, in festival mei dêryn in Frysktalige, muzyktalintejacht. Yn 2002 gie Liet ynternasjonaal en joech bands yn alle Europeeske minderheidstalen út ûnder oare Laplân, Bretanje en Asturië in poadium. En yn 2018 giet Liet sels XXL!

Yiddish Waves

Mar leafst goed 5.000 Joadske boeken binne yn Ljouwert byinoar brocht. Foar in part stiene se eartiids op de planken by – jawol – de universiteit fan Frjentsjer. It oare part hat professor Fuks nei WOII skonken. In rike ynspiraasjeboarne foar festival Yiddish Waves!

Ekspedysje Amelân

Op it ynternasjonale fertelfestival ‘Ekspedysje Amelân – A storytelling adventure’, oer mear dagen útsmard, giest as besiker op ûntdekkingsreis. Mei it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat as ynspiraasjeboarne, ûntdekst oan ‘e hân fan ferhalen ferskate kultueren en talen.

Bliuw op de hichte