Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei aktiviteiten mei trefwurd 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Besikerssintrum Lân fan taal

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Talepaviljoen

Wêr komsto yn 2018 in soad talen tsjin en genietesto fan aktiviteiten  en gerjochten dy’t passe by in hieltyd wikseljende talemienskip? Yn it spesjaal ûntwurpen talepaviljoen yn de Prinsetún, dat fan binnen krekt sa húslik is as dat it der oan de bûtenkant útsjocht!   It paviljoen sit ûnder de rokken fan twa frouljusfigueren; wy […]

Skatkeamer fan de Fryske kultuer

‘The place to be’ foar elkenien dy’t niget oan kultuer en literatuer hat is Tresoar, it moderne bewarplak fan de Fryske histoarje. Dêr kinst yn 2018 yn ‘e kunde komme mei de rike Fryske kultuer yn Europeesk perspektyf. Fan midsiuwske teksten yn ‘e klûs fia ledprojeksjes oant histoarysk reisburo!

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Ferhaal fan Liwwadden

Yn Ljouwert wurdt njonken it Frysk en in protte oare talen ek it stedsdialekt Liwwadders praat. It is tagelyk ek de namme fan in eksposysje en fan in protte oare aktiviteiten oer de identiteit fan de gemeente Ljouwert en de bewenners dêrfan yn it ferline, yn it no en yn de takomst.

Poetry Circle 058

Yn de seis Poetry Circle stêden, sûnt 2016 ek Ljouwert dêryn begrepen, komme alle wiken 15 jonge skriuwers byinoar. Se leare faninoar en fan betûfte ‘Spoken Word’-performers. Do kinst se geregeldwei optreden sjen. Of dochst sels mei?

Bliuw op de hichte