Subsydzjeregeling iepen programma

Lân fan Taal wol de rykdom oan taal en meartaligheid fan ús provinsje diele mei Fryslân en de wrâld. Wy wolle organisaasjes en persoanen befreegje en ferbine om har mienskiplik te presintearjen yn in programma foar no en letter dat foar in breed – regionaal en ynternasjonaal – publyk tagonklik en nijsgjirrich is. Wy wolle dêrby besteande struktueren trochbrekke en it gearwurkjen oan nije inisjativen stimulearjen.

Foar it útfieren fan in kulturele produksje op it gebiet fan meartaligens, kin ynkoarten subsydzje oanfrege wurde!

Wannear sil de regeling iepen gean?
De regeling giet iepen fan 31 jannewaris 2017 oant en mei 28 febrewaris 2017. Yn 2017 sille der yn totaal trije tenders iepensteld wurde.

Foar wa is de regeling ornearre?
Subsydzje wurdt allinne oan natuerlike persoanen en rjochtspersoanen beskikber steld dy’t gjin boekjier subsydzje ûntfange fan de provinsje. In rjochtspersoan is bygelyks in stifting, in besletten fennoatskip of in feriening mei folslein rjochtsfoech.

Hoe heech is it subsydzjeplafond?
Foar lytse kulturele produksjes is it subsydzjeplafond € 5.000,-. Foar grutte kulturele produksjes is it subsydzjeplafond € 25.000,- Neidat it subsydzjeplafond berikt is, kin gjin subsydzje mear taparte wurde.

Hichte fan de subsydzje
Foar lytse kulturele produksjes is de hichte fan de subsydzje € 500,-. Foar grutte kulturele produksjes is de hichte fan de subsydzje maksimaal € 5.000,-.

De betingsten
De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
De subsidiabele aktiviteiten binne:

  • A. De útfiering fan lytse kulturele produksjes op it gebiet fan meartaligens, mei in totale begrutting tusken € 1.000,- en 2.500,-.
  • B. De útfiering fan grutte kulturele produksjes op it gebiet fan meartaligens, mei in totale begrutting fan mear as € 2.500,-.

Yn beide gefallen giet it om in publykrjochte aktiviteit dêr’t minimaal 100 persoanen ferwachte wurde. It publyksevenemint fynt op syn lêst yn 2018 yn Fryslân plak.

Oer de takenning fan subsydzje ûnder A (lytse kulturele produksjes) beslute wy op folchoarder fan ynkommen. In oanfraach fan 2 febrewaris giet dus foar op in oanfraach fan 25 febrewaris. As de oanfraach net folslein is, wurdt oanfoljende ynformaasje opfrege. Dêrtroch skoot de oanfraach nei efteren yn de folchoarder fan takenning fan subsydzjejilden.

Oanfragen ûnder B (grutte kulturele produksjes) dy’t folslein binne, wurde rangskikt. De advyskommisje beoardielt de oanfragen op de yn it foar opstelde kritearia. Dêrby giet it likegoed om de artistike kwaliteit as om de maatskiplike wearde. Dy kritearia binne te finen yn kêst 2.7.9 fan de regeling. It giet hjir om in tender. As de oanfraach net folslein is, mei der nei slutingsdatum gjin ynhâldlike ynformaasje opfrege wurde. As it dossier nei slutingsdatum net ynhâldlik folslein is, sil it wegere wurde. Wy advisearje om de oanfraach op tiid yn te leverjen.

Hoe kinne jo subsydzje oanfreegje?
Oanfreegje kin fia it formulier op de webside van de provinsje. It is wichtich dat it oanfraachformulier fuortendaliks rjochtsjildich ûndertekene wurdt en dat alle taheakken meistjoerd wurde dy’t frege wurde.

Sjoch ek de publikaasje fan de regling yn it Provinciaal Blad
Zie ook de publicatie van de regeling in het Provinciaal Blad

Sjoch ek it filmke mei deputearre Sietske Poepjes